V.V. Ouwe Syl wint Penaltybokaal fan Omrop Fryslân

V.V. Ouwe Syl is winner wurden fan de Penaltybokaal fan Omrop Fryslân. De spannende finale tsjin V.V. Beetgum einige yn 2-2 en dus moast der noch in shoot-out komme. Dy wûnen de Biltkers en dus gie de beker mei de grutte earen nei Aldebiltsyl.
V.V. Ouwe Syl wint Penaltybokaal fan Omrop Fryslân
Foarôfgeand oan de finale wie de heale finale. Trije klups sieten dêryn: V.V. Beetgum, Voetbal Club Rinsumageest en V.V. Ouwe Syl. Mei fjouwer goals út tsien skotten hienen se dy heale finale berikt. Yn de grutte finale mochten se lykwols mar fiif kear sjitte.
V.V. Ouwe Syl mocht begjinne en skoarde 1 út 5. Voetbal Club Rinsumageest mocht dêrnei en skeat net ien kear binnen. Dêrnei wie it oan V.V. Beetgum. Dy helle ek in skoare fan 1 út 5. De finale gie dêrmei dus tusken V.V. Ouwe Syl en V.V. Beetgum.
Dy finale waard dus nei in shoot-out wûn troch V.V. Ouwe Syl. Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân rikte de bokaal út. De beker krijt in moai plak yn de kantine.
© Omrop Fryslân
De kompetysje is betocht om yn dizze fuotballeaze coronatiid it gemis oan supporters oan de kant, diskusjes oer wol of net bûtenspul, en de tredde helte wat goed te meitsjen.
Fan sneon 7 novimber ôf ha yn totaal 14 'ploegen' fan de 5e klasse B om de penaltybokaal striden. Spilers krigen tsien kânsen om op 20 meter de bal yn in lyts goaltsje te sjitten.