Basketbalkompetysje begjint opnij, útslaggen oant no ta telle net mei

19 des 2020 - 16:20

De basketballers fan Aris Ljouwert begjinne op 16 jannewaris oan in nije kompetysje. Dy wurdt ôfwurke yn 11 spylronden. Oarspronklik wiene dat 22. Fanwege de coronakrisis waard de kompetysje stillein. De wedstriden dy't yn oktober spile binne, telle net mei foar it klassemint. Dat ha de basketbalklups mei mekoar ôfpraat.

Foto: Orange Pictures

Manager Sierd Dijkman fan Aris

Yn de rin fan nije wike wurdt bepaald wa't wannear wêr tsjin wa spylje moat. Dat hinget der ûnder oare fan ôf oft de reguliere spyllokaasjes beskikber binne. It is de bedoeling om de oarspronklike kompetysje-opset safolle mooglik te folgjen.

De klups ha ek mei mekoar ôfpraat hoe't se har it bêste oan de jildende coronaregels hâlde kinne. Dêrfoar brûke se rjochtlinen fan sportkoepel NOC*NSF.

Der wurdt noch besjoen oft it ek mooglik is om in bekertoernoai te hâlden.

Trefwurden: 
Aris basketbal coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)