Fiif jier nei it lêste optreden sjonge Krijn en Jacob fan Die Twa wer tegearre

It duo Die Twa giet it poadium wer op. It optreden is op twadde krystdei, by Omrop Fryslân, op de finale stimdei fan de Fryske top 100. Dat meldt it sjongduo Krijn en Jacob Dijkstra presys fiif jier nei it ôfskiedskonsert.
Die Twa yn 2015 © PDF Fotografie Piet Douma
Yn 2015 hâlde it duo op te bestean, om't de mannen ta wienen oan in nije útdaging. "Net in maklik beslút doe, mar gelokkich ha wy nea sein dat we hielendal net wer tegearre optrede soenen", fertelt Jacob Dijkstra. De mannen hiene 12 jier tegearre song.
"Fiif jier nei ús ôfskied is in geskikt momint om dat wer ris te dwaan. Hielendal yn dit frjemde jier is it moai om ús fans, dy't ús altyd trou bleaun binne, bliid te meitsjen mei dit nijs."
It lêste optreden fan Die Twa wie yn 2015, yn Sans Souci. Doe songen se ûnder oare har grutte hit 'Fûgels'.
Op twadde krystdei trede se ien kear op, op de finale-stimdei foar de Fryske top 100.
It beslút om wer mei elkoar op te treden waard koartlyn spontaan nommen. "We hellen wat anekdoates op en of hie it nea oars west, stienen we wer tegearre efter de mikrofoan", fertelt Krijn. "Der wie gjin inkeld momint fan ûnwennichheid. Us stimmen wienen automatysk wer ien. It gefoel, dy klik, de sound, it wie der fuort wer. As de dei fan juster, hoe klisjee ek, mar sa wie it wol."
Yn de tuskenlizzende fiif jier bleaunen Jacob en Krijn beide aktyf yn de muzykwrâld, neist harren fêste wurk. Yn 2015 stie de hit 'Fûgels' fan Die Twa op nûmer 1 yn de Fryske top 100. It duo skoarde ek hits as 'Asto Mar By My Bist' en 'Famke Fan Myn Dreamen'.