Tal coronabesmettingen naderet rekôrhichte: 288 nije gefallen yn Fryslân

19 des 2020 - 17:15

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 288 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It totale oantal besmettingen op ien dei hat mar ien kear heger west. Dat wie op 12 oktober, doe wiene der 294 besmettingen. Doe wie it byld fertekene. De druk op it boarne- en kontakt-ûndersyk wie sa heech, dat der in achterstân oprûn wie. No is it oantal nije besmettingen al fjouwer dagen grutter as 200. Freed waarden der 211 besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen (62) binne de ôfrûne 24 oeren meld yn Ljouwert, dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (43) en Waadhoeke (27). It is de twadde dei op rige dat der yn Ljouwert mear besmettingen meld wurde as yn Súdwest-Fryslân. Dy gemeente stie wikenlang boppe-oan, as it om it totale oantal besmettingen gie.

Der is ien stjergefal meld, yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Trije minsken binne yn de ôfrûne 24 oeren opnaam yn it sikehûs.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Nasjonaal binne der by it RIVM 12.282 nije coronabesmettingen meld. Dat binne der 281 mear as in dei earder. It oantal leit heger as it gemiddelde fan de ôfrûne wike, doe't der per dei gemiddeld 10.475 positive testen by kamen.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)