Skylger ûndernimmers hâlde suksesfolle digitale keapjûn

19 des 2020 - 12:42

Alle net-essinsjele winkels ticht? Op Skylge witte se dêr wol ried mei. Om de lokale ûndernimmers te stypjen wie freedtejûn in digitale keapjûn. It waard in soart fan 'Tell Sell' fia it YouTube-kanaal fan Omroep Lennard.

Foto: Omroep Lennard

Alle minsken keppelje, dat wie it doel. En dat is neffens organisator Lennard Jan Geerts goed slagge. De lokale omrop woe mei de aksje de lokale ûndernimmers in hert ûnder de riem stekke. Goed 40 ha produkten oanlevere. By de útstjoering waarden dy toand en koenen potinsjele keapers kontakt sykje mei de ûndernimmer. Der is hiel wat ferkocht, 90 prosint op it eilân en de rest fan de wâl.

De reaksjes wienen hiel posityf. "Het was een gezellige en leuke avond", fertelt Lennard Jan Geerts. "We zijn trots en blij. We zeiden al: dit moeten we vaker doen en misschien waait ons idee wel over naar de rest van Nederland."

It is dus slagge om de lokale ûndernimmers yn it sintsje te setten. "De producten worden vandaag al bezorgd op het eiland. Het is zeker voor herhaling vatbaar. De ondernemers willen wel weer, zo verkopen ze toch nog producten. Een ondernemer kwam met het idee om bij alle vakantiehuisjes een folder door de bus te doen zodat ook die toeristen weten dat ze dingen lokaal kunnen kopen en het wordt ook bezorgd."

Lennard Jan Geerts

(Advertinsje)
(Advertinsje)