Drokte yn natuer ferwachte: "De natuur is altijd open"

19 des 2020 - 12:41

Boskwachters meitsje harren klear foar grutte drokte yn de Fryske bosken dit wykein. No't troch de lockdown hast alles ticht is en minsken der dochs op út wolle liket de natoer yn noch de iennige opsje te wêzen. Mar ek yn de bosken kin it te drok wurde, sa warskôgje de boskwachters.

Drokte yn natuer ferwachte: "De natuur is altijd open"

By it Nannewiid falt it sneon tusken de middei noch wol ta mei de drokte, sjocht boskwachter Henk Jan van der Veen. Hy ferwachtet dat dat noch wol komt en benammen snein as it waar moai bliuwt. "Druk is een relatief begrip, als je een smal pad hebt en je kunt elkaar niet goed passeren, dan is het al gauw druk."

Rin lokaal

Hy ferwachtet lykwols gjin tastannen as yn de Rânestêd. "De natuur is altijd open, en er zijn in Friesland veel mogelijkheden. Maar we adviseren om niet tussen 11.00 en 15.00 uur te gaan, dan is het vaak het drukst. En zoek rustige plekken op, die zijn er in Friesland genoeg te vinden." Hy hat noch in advys: "Wandel lokaal, of pak de fiets."

Neffens him binne Oranjewâld, Elfbergen yn Gaasterlân, de pier by Holwert en it gebiet by Stania State populêre hotspots.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga praat mei de boskwachter

(Advertinsje)
(Advertinsje)