Fernielingen by SC Franeker; fuotbalklup docht oanjefte

19 des 2020 - 12:27

By de Frjentsjerter fuotbalklup SC Franeker binne tongersdeitejûn tal fan saken fernield. Neffens de klup wie dat net de earste kear. Ferline wike wie al in rút ynsmiten.

De doar fan it ballehok wie fernield en it slot fuorthelle. Ek de ballepomp is fernield.

"Al deze vernielingen kosten ontzettend veel geld en zijn zeer frustrerend. Wanneer iemand ons meer kan vertellen over de vernielingen die zijn gepleegd, dan horen we het graag", skriuwe se op Facebook.

De klup hat oanjefte dien en sil de stekken de kommende tiid op slot dwaan as der net traind wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)