Net nei de bioskoop? Besjoch thús arthousefilms fia Picl

We kinne net nei de bioskoop yn dizze lockdown, mar dêr is wat op betocht: thús films sjen fia Picl. It Ljouwerter filmhûs Slieker docht dêr oan mei en krijt sa ek noch wat ynkomsten.
Bioskoop © Shutterstock.com
"We wienen hielendal klear foar de feestdagen en der wienen sels al in pear foarstellingen útferkocht", seit Andries Bergsma fan Slieker. "Mar fansels begripe we dat we in pear wiken ticht moatte."
Op de webside fan Picl kinst út sa'n 60 films kieze. "Ast in titel oanklikst, start de betelling en dan hast 48 oeren tiid om de film te sjen. En it moaie is dat in part fan de ynkomsten nei de filmhûzen giet. Kinst sels kieze nei watfoar filmhûs it jild giet."
De nijste films kostje 8,50 euro, de âldere films 5 euro. Neffens Bergsma is de dokumintêre oer Billy Holiday in oanrieder. "Dy giet oer har libben. Ik koe har net sa goed, wol de namme fansels, mar no ha ik in goed byld fan har krigen."