Werynrjochting dúngebiet Hagedoornveld op It Amelân sa goed as dien

19 des 2020 - 11:00

De werynrjochting fan it Hagedoornveld op It Amelân is sa goed as klear. It gebiet wie bot rûch wurden en de bysûndere natuer dy't by wiete dúngebieten heart, stie ûnder druk troch ûnder oare tefolle stikstof. Ien fan de meast wichtige oplossingen is dat der folle mear romte is foar sân om it gebiet yn it stowen.

Werynrjochting dúngebiet Hagedoornveld op It Amelân sa goed as dien

Sa binne der trije kerven yn de dunen makke wêrtroch't it sân út de see wei makliker it gebiet yn komt. Der is ek in grutte stokûle makke en yn in part fan it gebiet is boppeste laach fuorthelle. Yn it sân sit in soad kalk en dy kalkrike grûn is wichtich, sa leit Marjan Veenendaal út fan Steatskboskbehear: "Dat is goed voor de variatie van de verschillende plantensoorten. Je hebt hier in de duinen heel veel kalk, maar daar achter is het kalk bijna al helemaal weggespoeld. We willen juist wat meer want dat krijg je bijvoorbeeld meer orchideeën en parnassia."

In rikere floara mei mear blommen lûkt ek wer ynsekten oan en de ynsekten binne wer fretten foar fûgels lykas de bedrige heidehipper.

Stokûle

It bliuwt net by kerven: der binne ek parten fan it gebiet dêr't de boppelaach fan de dunen fuorthelle is wêrby't der ek in grutte stokûle makke is. Mear 'iepen' dunen binne ek goed foar de kninen en dêr't sy hollen meitsje, kin bygelyks de earder neamde heidehipper in nêst meitsje.

Mar der binne mear soarten dy't profitearje kinne fan al it wurk. In soad wetterkes binne no ek wer sichtber makke en wetter krijt de romte. Dat kin goed útpakke foar bygelyks podden.

Sân komt hjir it gebiet yn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mei al it sân dat no it gebiet yn komt, lei it fytspaad ûnder de dunen net mear op in logysk plak. Oan de kant fan Nes stie it ek nochris geregeld ûnder wetter. Marjan Veenendaal: "Dan was het helemaal ondergestoven. Dat willen we niet. Dus hebben we dat fietspad naar de andere kant gebracht. Je ziet nu vanuit de verte deze kerven en de natte duinvalleien."

Fierder binne de skulpen ferfongen troch beton. By Nes is it fytspaad krekt wer wat mear yn 'e rjochting fan de dunen ferlein, dêr't it drûger is. It gebiet dêr't earder it fytspaad wie, biedt no de natuer in soad kânsen. Yn de rin fan de jierren moat it gebiet him wer fierder ûntwikkelje, wêrby't de betingsten foar it ûntstean fan de natuer dy't by it gebiet heart yn alle gefallen op oarder binne.

Links it nije fytspaad en rjochts it ruterpaad - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Stikstof

In ferlykber projekt is koartlyn ek op Skylge útfierd en Natuurmonumenten is op Skiermûntseach dwaande. Op It Amelân is earder oan de noardeastkant fan It Oerd yngrepen troch It Fryske Gea. It heart by de saneamde 'Programmatische Aanpak Stikstof' om de ynfloed fan tefolle stikstof wat te reparearjen. Koartlyn is nije wetjouwing fêststeld om it frijkommen fan stikstof te beheinen en de natuer te werstellen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)