Omrop TIP: Ivgi & Greben yn Fryslân DOK

19 des 2020 - 10:00

As dûnsnomaden reizgen Ivgi en Greben achttjin jier lang oer de wrâld, om yn 2020 ynienen yn Fryslân del te kommen. Mar corona sit de foarming fan in nij dûnsselskip yn it paad. Se beslute om sels de flier wer op te gean. In unike sitewaasje, fêstlein troch Fryslân DOK.

Harren winsk om in thús en in eigen fêst dûnsselskip te hawwen, waard honorearre troch de advyskommisje Poadiumkeunst fan de provinsje. In dream kaam út foar Ivgi & Greben. Foar Fryslân is it it earste dûnsselskip fan dit ynternasjonale formaat.
Mar op dit stuit is it troch de coronakrisis ûnmooglik om audysjes te hâlden en de bêste ynternasjonale dûnsers te kontraktearjen. Ek in grutte premjêre en gearwurking mei Fryske dûnsgroepen moat op him wachtsje litte.

Ivgi en Greben yn Ljouwert, links kameraman Gerko Jonker - Foto: Omrop Fryslân

Lykas alle útfierende keunstners brutsen Ivgi & Greben har de holle oer hoe't it fierder moast. Net allinnich it nije Fryske dûnsaventoer, ek harren eigen identiteit as goreograaf kaam ûnder spanning te stean. Uri Ivgi: "Wie ben ik als ik niet dans, als ik daar niet mee bezig ben?"

Repetysje Ivgi en Greben - Foto: Omrop Fryslân

Sûnt 2003 wiene Uri Ivgi en Johan Greben net mear as dûnser, mar allinnich as goreograaf oan it wurk. Se makken spraakmeitsjende produksjes yn Europa, Ruslân en Azië. Yn it Kulturele Haadstêd jier 2018 brochten se yn Ljouwert de foarstelling 'We are in trouble' oer de flechtlingeproblematyk.

Ivgi en Greben - Foto: Omrop Fryslân

Johan Greben: "Onze voorstellingen worden altijd uitgevoerd door geweldige jonge dansers. Maar nu, na een halfjaar rondwandelen in Amsterdam, vormde zich het idee dat we misschien toch maar zelf, als oudere dansers, de vloer weer op moeten. Puur om de dans in onszelf levend te houden."

Dokumintêremakker Annet Huisman fan Fryslân DOK frege Ivgi & Greben om harren mei kameraman Gerko Jonker te folgjen, yn dit taastende en kwetsbere proses. En dêrby te ûndersykjen oft se mei harren dûns ek wat te fertellen hawwe oer dizze coronatiid.

Ivgi en Greben - Foto: Omrop Fryslân

In duet mei in grut glêzen rút as barriêre waard it resultaat. Johan Greben (56), berne yn Ljouwert, en Uri Ivgi (55), berne yn Israel fertelle oer harren totaal ferskillende eftergrûnen, harren styl fan bewegen en hoe't se inoar oanfolje. Tige fielber op de hûd yn dit persoanlike dokumint. It docht langjen nei takom jier, nei harren earste grutte foarstelling mei it nije Fryske dûnsselskip, nei bettere tiden.

Ivgi (l) en Greben oan de barre - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Ivgi & Greben, wachtsje yn beweging'
Sneon 19 desimber, 15.30 oere, NPO2, (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 20 desimber, 13.10)
Snein 20 desimber,17.00 oere, Omrop Fryslân (Nederlânsk ûndertitele, werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)