Bestjoerder ferwûne by ûngelok op dyk N979; auto op syn kant

19 des 2020 - 09:22

Op de provinsjale dyk de N979 by Haulerwyk is sneontemoarn in auto fan de dyk rekke, tsjin in beam riden en op syn kant ta stilstân kaam. De auto kaam út de rjochting fan Sânhuzen en rekke by de Vennootsweg yn Een-West (Drinte) fan de dyk.

Foto: Compact Media

It brânwachtkorps fan Haulerwyk hat de bestjoerder út de auto befrijd. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.

In pear wiken lyn wie op hast itselde plak ek in ûngelok. Dêrby kaam in 21-jierrige frou út Haulerwyk om it libben.

Trefwurden: 
ûngelok Haulerwyk N979
(Advertinsje)
(Advertinsje)