Kollum: "Wetter"

19 des 2020 - 08:19

"De bosken ferdrûgje, sa docht bliken. No hoege jo net in grut gelearde te wêzen om dat te konstatearjen. Wy hawwe de lêste jierren hiele hjitte en drûge simmers en yn de winters falt der net genôch wetter om it tekoart op te lossen. Dus kampe de beammen yn bygelyks Oranjewâld mei in groanysk tekoart oan drinken. Der wurde no maatregels naam om dêr wat oan te dwaan.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

In trochsneed beam ferbrûkt nochal wat. As je in grutte bûkebeam as foarbyld nimme, dy moat elts jier likernôch 27.000 liter oan wetter hawwe. Dat getal seit jimme miskien net safolle, mar jimme sjogge grif wolris in trekker mei in jarretank riden. In knappe jarretank kin tusken de 10.000 en 15.000 liter yn. Dus eltse bûkebeam moat minimaal twa grutte jarretanken fol wetter hawwe. Kinne jo neigean hoe'n ûnbidich soad wetter yn in bosk op foarried wêze moat om al dy beammen sûn te hâlden.

As de blêden fan de beammen fallen binne, stûket de wetteropname oant de sopstream yn de maitiid wer op gong komt. In beam is eins in lyts wûnderke, soks regelet him allegearre sûnder dat de minsk dêr wat oan hoecht te dwaan. Mar de minsk kin wol de omstannichheden ferpeste wêryn't dy beam syn wetter fine moat.

As je, krekt as ik, berne binne midden yn de bosken fan Oranjewâld, is boppesteande gjin nijs. Mar in soad minsken hawwe gjin flau idee mear oer hoe't de natuer yninoar stekt. Arsjitekt Roodbaard hat in soad bosken ynrjochte as plak dêr't minsken harren efkes fertrêdzje koene. Mei lange singels dêr't om de safolle meter in iik of in bûkebeam stiet. Mar wy hawwe as Friezen de gewoante dat we graach drûge fuotten hâlde wolle. Dus is de ôfwettering hjir tige goed regele, dat is dus dûbel min foar de beammen.

Myn heit hie dat probleem ek. De stikken lân dy't yn de bosken leinen, dêr stie amper as gjin wetter omhinne. De sleatten waarden leechsûge troch de beammen. Wy wisten net better as dat we dy sleatten fol krije moasten. It kanaal dat tusken De Knipe en Oranjewâld rint, wie de boarne om dat te regeljen. Al dy jierren stie dêr yn de maitiid en simmer ús McCormick stasjonêr te draaien foar in wetterpomp. Dagenlang pompten wy wetter de bosk troch oant úteinlik de sleatten om de stikken lân hinne fol stienen. It hearde der gewoan by, wy wisten net better. De kij koenen der fan drinke en de greiden profitearren der ek fan.

No sille se hjir en dêr damkes dellizze om it wetter dat winterdeis yn de bosken falt fêst te hâlden. Heit is yn 1993 fan de pleats gien, sa lang hat dat stikje bosk it dus al sûnder dat ekstra wetter dwaan moatten. Hooplik binne de maatregels foldwaande, oars is der miskien hjir of dêr noch wol in McCormickje te finen om wat ekstra wetter de bosk yn te pompen. It plak dêr't ús trekkerke braaf stie te pompen is der noch wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)