Pizzeria yn Wolvegea hat lanlike primeur: in 'waarmhâldkast'

18 des 2020 - 22:36

In pizzeria yn Wolvegea is it earste plak dêr't klanten in pizza ôfhelje kinne sûnder yn kontakt te kommen mei meiwurkers. Klanten kinne de pizza út in saneamde 'waarmhâldkast' pakke. Dat systeem wurket lykas de fakjes yn in muorre dy't je by in snackbar iepen lûke kinne.

Foto: Magda Dullemond

It idee komt fan it haadkantoar. Dy sochten in lokaasje om de 'waarmhâldkast' út te testen. De pizzeria fan Nathan Oosterhof is de earste fan Domino's dy't hjimei eksperimintearret.

(Advertinsje)
(Advertinsje)