SC Hearrenfean hat persoanlik akkoart mei Noarske doelman Bratveit

18 des 2020 - 21:58

SC Hearrenfean is sa goed as rûn mei doelman Per Kristian Bratveit. Persoanlik binne se der al út, mar omdat Bratveit syn kontrakt by Djurgardens IF noch troch rint oant de simmer fan 2022, moat SC Hearrenfean wol in transfersom betelje. Dêr wurdt noch oer ûnderhannele.

Foto: ANP

De 24-jierrige Bratveithat ien ynterlân spile foar Noarwegen. Hy makke syn debút op 18 novimber yn de wedstriid tsjin Eastenryk yn de Nations League (1-1).

Bratveit moat de twadde winter-oanwinst fan Hearrenfean wurde. Earder dizze moanne waard bekend dat Siem de Jong fan 1 jannewaris ôf ta de seleksje fan de Friezen beheart. Hy komt oer fan FC Cincinnati.

Andreas Skovgaard

Andreas Skovgaard mei omsjen nei in oare klup. De ferdigener dy't yn 'e winterstop fan 2019 nei SC Hearrenfean kaam, spile noch gjin inkelde kear yn it earste en is op dit stuit ferhierd oan Örebro SK. Yn Sweden is de 23-jierrige ferdigener wol basisspiler. Skovgaard syn kontrakt rint noch oant de simmer fan 2022, mar Hearrenfean wol him it leafst ferkeapje om mear romte te krijen yn it spilersbudzjet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)