Krystdinertip 2020: in boks helje fan in restaurant of simpel goermetsje

18 des 2020 - 21:28

Foar in soad minsken is it in wrakseling: it krystdiner. Wat moatte je meitsje en wat is der foar nedich? Oeren oanien strune troch supermerken of spesjaalsaken op syk nei dat iene yngrediïnt. Mar, dat kin folle makliker: Helje in dinerboks fan in restaurant by jo út de buert.

Foto: Shutterstock

De measte restaurant biede sa'n boks oan. By restaurant Oan Tafel út Wergea binne se der no ek drok mei. Sjefkok Tom Zwerver makket filmkes wêryn't hy ynstruksjes jout hoe't je de gerjochten klear meitsje moatte: "Het is niet zoals in zo'n maaltijdbox. Dat je dan alles nog klaar moet maken. Nee, het gaat om hoe je de gerechten goed warm maakt en mooi opmaakt." It is sa goed as 'foolproof' makke, seit Zwerver. "Er kan weinig misgaan als je de instructies volgt."

Hartewangen

Foar Zwerver en syn team ha de krystdagen in bittere smaak. It restaurant iepene flak foar de simmer de doarren. Doe't it krekt begûn te rinnen moast de saak alwer ticht. Zwerver: "Juist op het moment dat je naam begint te maken is het weer even afgelopen. Nu zijn we met een beetje mazzel eind januari pas weer open." No binne se yn it restaurant drok dwaande mei de krystmielboksen. Zwerver: "We proberen daar dan net weer die gerechten of ingrediënten in te doen die je niet standaard overal ziet. Dit jaar is dat bijvoorbeeld hertenwangen. Erg lekker!"

Goermetsje

Mochten je net út sa'n boks itensiede wolle dan hat Zwerver ek noch wol in tip: "Wat wij altijd deden met het gezin was gourmetten. Lekkere kleine hapjes, gezellig bij elkaar met een goed glas wijn. Zeker nu je toch thuis moet blijven met weinig gasten is dat een leuke optie." Mar as je it oars dwaan wolle as oars optearret Zwerver dochs foar de boks: "Dan zet je iets ander op tafel dan je gewend bent en je steunt met zo'n box je lokale restaurant. Dan heb je toch al snel dat ultieme kerstgevoel."

Sjefkof Tom Zwerver en Mark van Bentum - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferslachjouwer Hayo Bootsma prate mei sjefkok Tom Zwerver

(Advertinsje)
(Advertinsje)