Man ferwûne by ûngelok tusken bestelbuske en molkwein by Surhuzum

18 des 2020 - 20:58

Op de N358 by it buorskip Koartwâld ûnder Surhuzum is freedtejûn in bestelbuske yn botsing kaam mei in molkwein. De bestjoerder fan it buske rekke dêrby beknypt. De brânwacht fan Surhústerfean hat him mei spesjaal ark út de auto helle. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De sjauffeur fan de frachtwein rekke net ferwûne.

Foto: De Vries Media

Neffens in tsjûge kaam de molkwein fan in hiem ôf, wêrnei't it bestelbuske yn de sydkant fan de frachtwein botste.

Neist it brânwachtkorps fan Surhústerfean en in ambulânse kamen ek in traumahelikopter en ferskate plysjes te plak om earste help te ferlienen.

De N358 is troch de plysje yn beide rjochtingen ôfsletten foar ferkear. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)