Himpkwekerij oantroffen yn hûs oan de Kerkstraat yn Mullum

De plysje fan Harns hat freed in himpkwekerij fûn yn in hûs oan de Kerkstraat yn Mullum. Yn de wente troffen de plysjeminsken in kwekerij mei 133 planten oan. De ynfal is dien nei't de plysje in anonime tip krige.
© Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)
De kwekerij en de planten binne ferneatige. Tsjin de bewenner hat de plysje in proses-ferbaal opmakke.