CDA en ChristenUnie: hâld goed tafersjoch op stikstofhannel

18 des 2020 - 20:20

Der moat goed byhâlden wurde hoefolle stikstofrjochten Fryske boeren ferkeapje. Dat wolle CDA en ChristenUnie yn de Fryske steaten. As se samar ferkocht wurde kin it wêze dat hjir yn de provinsje bouprojekten net trochgean.

PAS-gebieten yn Fryslân (Programma Aanpak Stikstof) - Foto: Provinsje Fryslân

Boeren kinne stikstofrjochten ferhannelje. Dat kin ek oan in partij fan bûten de provinsje. Dêr sit it risiko, seit Steatelid fan de ChristenUnie, Wiebo de Vries: "As se ien kear ferkocht binne oan in partij bûten de provinsje dan binne we se hjir kwyt. Dus stel dat Schiphol útwreidzje wol dan keapje se stikstofrjochten yn bygelyks Fryslân. Wolle wy hjir dan sis in fjouwerbaansdyk oanlizze dan ha wy in probleem."

De beide kristlike partijen wolle dan ek dat de provinsje yngrypt as der tefolle rjochten ferkocht wurde. De Vries: "Dy stikstofrjochten binne fergund. De provinsje moat dy by ferkeap ynlûke. Dat soene je dan wegerje kinne."

Dochs seit ek De Vries dat it de ferantwurdlikens is fan de boeren sels: "Dat kloppet. Mar it soe wol hiel soer wêze as we in soad rjochten hjir kwyt reitsje en we neat mear kinne. It kin net sa wêze dat Fryslân leechkocht wurdt."

Trefwurden: 
polityk Schiphol stikstof
(Advertinsje)
(Advertinsje)