Súdwest-Fryslân stelt riedsenkête yn nei de grutte tekoarten by Empatec

18 des 2020 - 19:50

De komt in riedsenkête nei de grutte finansjele problemen by sosjale wurkfoarsjenning Empatec. Dat hat de ried fan Súdwest-Fryslân tongersdeitejûn besletten. Empatec hat slimme finansjele problemen. Alle belutsen gemeenten moatte mei-inoar 5 miljoen euro ekstra foar it bedriuw op it kleed lizze. De bydrage fan Súdwest-Fryslân is mar leafst 2,8 miljoen euro.

Empatec

Unôfhinklik riedslid Klaas-Jan Semplonius út Warkum wol eksakt útsykje hoe't it kin dat Empatec sa swier yn de problemen rekke is en ek direksje en Ried fan Kommissarissen ûnderfreegje yn in riedsenkête. De direksje fan Empatec lit yn in earste reaksje witte dat se iepen stean foar in riedsûndersyk en seker meiwurkje sille.

"Empatec is in hiel belangryk bedriuw foar ús gemeente", seit Klaas-Jan Semplonius. "Krekt dêrom moat der sa'n ûndersyk komme. It doel is om hjirfan te learen en ek om te sjen hoe't gemeenterieden mear grip krije kinne op Empatec." By Empatec wurkje sa'n 1100 minsken. It belang fan dy meiwurkers weaget foar de belutsen gemeenten swier.

Yn de ried fan Harns is PvdA-riedslid Ron Leen ien fan de Empatec-spesjalisten. Leen hat benammen in soad muoite mei de mienskiplike regeling fan seis gemeenten, dêr't Empatec de útfieringsorganisaasje fan is. "Gemeenschappelijke regelingen zijn voor raadsleden monsterlijke constructies. Je zit als gemeenteraad altijd aan het eind. Als er tekorten zijn mag je lappen, zonder dat je invloed kunt uitoefenen."

Leen wie net belutsen by it beslút om in riedsenkête yn te stellen, mar sil dy seker mei in soad belangstelling folgje sadree't dy begjint. "Het is een spannend besluit van Súdwest-Fryslân. Ik vind het ook wel logisch dat ze dit doen als grootste gemeente. Ik ben erg benieuwd naar de uitkomsten."

Klaas-Jan Semplonius

PvdA-riedslid Ron Leen fan de gemeente Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)