Basisdebút foar Rami Hajal tsjin Heracles Almelo

18 des 2020 - 19:20

Rami Hajal makket tsjin Heracles syn basisdebút foar SC Hearrenfean. De kreative middenfjilder hie ferline wike tsjin Vitesse in goeie ynfalbeurt en krijt fan Johnny Jansen no de foarkar boppe Bayern München-hierling Oliver Batista Meier, dy't op de bank sit.

Trainer Johnny Jansen oer it duel tsjin Heracles Almelo:

Johnny Jansen HEEHER

Johnny Jansen: "Rami heeft verdiend dat hij gaat spelen en moet nu de lijn waar hij nu mee bezig is doorzetten. Deze week heeft hij tijdens trainingen laten zien dat hij op de goede weg is. Tijdens de bespreking vertelde ik wat ik van hem tegen Heracles verwacht. Dus hij zat gretig op het puntje van zijn stoel te luisteren."

Iennige twivelgefal is Sherel Floranus. De ferdigener hat op 'e training in tik op syn kût krigen. Op de lêste training wurdt besjoen oft hy spylje kin, sa net dan is Hamdi Akujobi syn ferfanger.

Al fiif wedstriden net wûn

SC Hearrenfean hat al fiif wedstriden op rige net mear wûn. Sa waard der ferlern fan AZ en waard der lykspile tsjin RKC Waalwijk, ADO Den Haag, PSV en Vitesse. Mar as je it posityf benaderje soene je ek sizze kinne dat SC Hearrenfean al fjouwer kear net mear ferlern hat. Opfallend binne de twa lêste wedstriden tsjin PSV en Vitesse wêrby't in minne earste helte ôfwiksele waard mei in goeie twadde helte.

Jan Paul van Hecke oer de wedstriid tsjin Heracles;

Jan Paul van Hecke HEEHER

Jan Paul van Hecke: "Het is natuurlijk niet de bedoeling dat we eerst op achterstand komen, om vervolgens weer terug in de wedstrijd te komen. Maar je ziet wel dat als het echt moet, dan staan we er. Deze week is er echt benadrukt dat we vanaf het begin moeten knallen en niet pas in de tweede helft."

Sterk ferdigeningsduo

Van Hecke foarmet mei Pawel Bochniewicz in sintrale ferdigeningsduo en mei doelman Erwin Mulder binne sy hiel bepalend foar de ploech. "We kunnen allebei wel redelijk voetballen en we zijn fysiek sterk. Dus de spitsen hebben tegen ons geen fijne dag en dat willen we natuurlijk zo houden. Maar we moeten niet teveel praatjes hebben, straks schiet de spits van Heracles er twee in en lacht iedereen ons uit", sa seit Van Hecke.

Heracles Almelo

Heracles is de nûmer 13 fan de earedifyzje en neffens Jansen in hiel stive ploech, mei in soad yndividuele kwaliteiten. Jansen: "Ik verwacht dat Heracles ook wel risico's gaat nemen. Eigenlijk verwacht ik een open potje met twee ploegen die beiden voor de winst gaan." Hearrenfean sil foaral Heracles middenfjilder Rai Vloet yn 'e gaten hâlde moatte. Vloet skoarde dit seizoen al sân kear.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Hajal; Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

De wedstriid begjint sneintemiddei om 14.30 oere en is live te hearren yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)