Sobere krysttiid by fersoargingstehuzen: "We moatte alles omgoaie"

18 des 2020 - 18:45

Mienskip, de pake- en beppesizzers op besite en lekker ite. Dat binne gewoanwei de yngrediïnten foar in moaie krysttiid yn âldereintehuzen. Mar dit jier is de krystfakânsje folslein oars. Troch corona moat der in oare ynfolling fan it programma komme. "De grutte mienskiplike fiering ha we skrast", seit Angela Ruivenkamp fan Nij Mariënacker yn Warkum. "No sille we mei in krystmiel apart by alle doarren del."

Krystfakânsje by fersoarginstehûs

De fiering mei dan oanpast wêze, de krystsfear is der yn Nij Mariënacker noch wol. In grutte krystbeam ferljochtet de folsleine hal fan it âldereintehûs. Troch de hal klinkt klassike muzyk, dy't fan ûnderoan de beam komt. Dêr stiet in antike, brune piano. Efter de piano sit Cor Politiek, dy't syn meibewenners de klanken fan in krystferske hearre lit. "Ik spylje al myn hiele libben," seit Politiek mei in gniis fan ear ta ear. "Dit is no myn moaie krystmomint, want ik moat efkes sjen hoe't it oars komt dit jier," fertelt de 86-jierrige. "De besite moat we noch regelje, mar dat wurdt dreech yn dizze tiid."

Cor Politiek efter de piano - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It optreden fan Politiek lûkt in protte taskôgers, wêrûnder Angela Ruivenkamp. Sy is teamlieder by it fersoargingstehûs. "Gewoanwei ha we yn dizze hal in grutte fiering, wêr elkenien by inoar komt. Je snappe sels al dat soks no net kin. Dus ha we besletten om in pianist yn te hieren foar de krystdagen. Dy kin op dizze fleugel de sfear deryn bringe," seit Ruivenkamp wylst se op de hannen klapt foar Politiek. "It iten fersoargje we oan de doar, dan bliuwt it gefoel bestean. Dit is dan in lytse oplossing mar ik ha it leafste dat it gewoan is sa as alle jierren. Dat is foar elkenien better."

Krystfiering is oars as oars - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ruivenkamp ûnderbrekt har ferhaal efkes om Aagje van der Zee oan in plakje te helpen. Sy is ek op it konsert ôfkaam. "Foar my sil dizze krysttiid hiel oars wêze," seit Van Der Zee. "Oars binne we mei ûngefear santjin minsken yn de hiele famylje. Dat wurde der no mar trije, om't der net mear komme meie. Sels wolle we ek net mear, want we passe op foar it firus. Hooplik is it mar ien jier, dernei kinne we wêr mei de hiele famylje byinoar komme.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Nij Mariënacker yn Warkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)