Gjin 'Driving Home For Christmas' foar Frânske Cambuur-spilers

18 des 2020 - 18:11

Trainer Henk de Jong hie it sa moai yn de holle: syn twa bûtenlânske spilers koene de krystdagen moai mei harren famylje yn heitelân Frankryk troch bringe. De trainer fan SC Cambuur soe Robin Maulun en David Sambissa ien dei earder frij jaan, sadat se op tiid nei hûs koene. Mar, corona smyt roet yn it iten. Dêrtroch kin it Frânske twatal de krystdagen net mei harren famylje fiere.

Robin Maulun en David Sambissa:

Robin Maulun en David Sambissa

Cambuur spilet snein de lêste wedstriid fan dit jier. It idee wie dat Maulun en Sambissa dan gelyk nei Frankryk ta gean koene en dat se harren 27 desimber wer melde moasten yn Ljouwert. De earstfolgjende wedstriid is nammentlik al gau nei de jierwiksel: op 3 jannewaris tsjin FC Eindhoven. Mar de coronaregels blokkearje de plannen, fertelt Maulun. "As we geane, moatte we nei de tiid yn karantêne. Dus it is better om hjir yn Ljouwert te bliuwen. Fansels hie ik krekt yn dizze krystperioade graach by myn famylje west. It is fertrietlik foar ús, mar we kinne it net feroarje."

Sambissa fynt it spitich dat er net werom kin nei Frankryk, om't er syn famylje al in skoft net mear sjoen hat. "Ik tink yn de simmer foar it lêst. Miskien in lyts bytsje dêrnei, mar yn de simmer. Dêrnei haw ik myn famylje net mear sjoen." Datselde jildt foar Maulun. "It is in lange tiid lyn. Sûnt it begjin fan it seizoen. Myn famylje hat hjir noch ien kear west."

De twa Frânske spilers: David Sambissa en Robin Maulun - Foto: SC Cambuur

Beide manlju hawwe in kontrakt dat nei dit seizoen ôfrint. Se sprutsen earder al út dat beiden de yntinsje hawwe om yn Ljouwert te bliuwen, mar oft dat ek barre sil is noch mar de fraach. Sa lizze de petearen tusken Cambuur en Sambissa op it stuit stil. "We binne it net iens wurden, dus it leit no stil. We prate der letter oer om de bêste oplossing te finen foar de klup en foar my. Ik bin der no net mei dwaande. Ik fokusje my no op it fuotbal", sa fertelt Sambissa.

By Maulun liket it wol goed te kommen, al is dêr no noch gjin sprake fan in oerienkomst. "We hawwe in skoft ûnderhannele. It giet no fierder. Ik tink dat we op koarte termyn nijs hawwe. We sille it sjen de kommende wiken."

Trainer Henk de Jong

Snein spilet Cambuur de lêste wedstriid fan dit jier tsjin Excelsior. It is noch net hielendal dúdlik mei hokker spilers de Ljouwerters yn aksje komme sille. Wis is dat Ragnar Oratmangoen en Stanley Akoy ûntbrekke, mar dêrnjonken binne der noch in oantal twivelgefallen, sa fertelt trainer Henk de Jong. "Der binne tsjin Go Ahead Eagles jonges ynfallen, dy't wat tikjes hân hawwe. De oare jonges kinne spylje, om't se tongersdei net spile hawwe. As ik dat wol dien hie, dan hie bygelyks Robert Mühren snein net spylje kinnen."

De trainer is wat yrritearre oer berjochtsjes dy't er krige, sjoen dat er tsjin Go Ahead syn opstelling op njoggen plakken feroare. "Minsken witte net wêr't se it oer hawwe en wêr't wy mei dwaande binne. De wedstriid sit te ticht op snein."

Nei de wedstriid tsjin Excelsior is der moandei noch ien training en dan hat de seleksje in wike frij. Op moandei 27 desimber moatte de spilers harren wer melde op de klup. "En dan begjinne we mei sneltesten", fertelt De Jong. "Sadat we witte oft we traine kinne of net."

Harkje nei de reportaazje fan sportferslachjouwer Andor Faber

De wedstriid tusken SC Cambuur en Excelsior begjint sneintemiddei om kertier oer tolven. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht it kommentaar út Rotterdam wei.

Sneon yn it Cambuur Sjoernaal is der in foarbeskôging te sjen op it duel tsjin Excelsior. Moandei is der in nij Cambuur Sjoernaal mei dêryn in wiidweidige gearfetting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)