Atlantic Dutchesses lizze goed op koers yn roeirace oer Atlantyske Oseaan

18 des 2020 - 17:37

De roeiploech Atlantic Dutchesses leit noch goed op koers. De fjouwer froulju, fan wa't der trije út Fryslân komme, roeie de Atlantyske Oseaan oer foar it goede doel. Se dogge mei oan de Talisker Whisky Atlantic Challenge, in 5.000 kilometer lange roeirace fan it Spaanske La Gomera nei Antigua.

De roeifroulju op de Atlantyske Oseaan

Mei de race wolle se jild ynsammelje foar de Stichting Vrouwenhart, om better ûndersyk dwaan te litten nei hert- en iersykten by froulju. Melissa Vooren, Iris Noordzij, Renate de Backere en Marieke le Duc binne ferline wike sneon fan start gien en hawwe yntusken sa'n 900 kilometer roeid.

Der moatte dus noch in hiel soad seemilen makke wurde. It team leit op it stuit op it sechde plak yn de totale groep. Se binne de earste fan trije frouljusboaten dy't meidogge. Op de Facebook-side fan Atlantic Dutchesses stiet dat se "als de brandweer gaan".

De ferwachting is dat de Queen of Hearts mei de roeisters ein jannewaris op Antigua oankomme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)