Antonius Sikehûs yn Snits stelt santich persint fan de plande operaasjes út

18 des 2020 - 17:25

Krekt as oare sikehuzen beheint ek it Antonius Sikehûs yn Snits de reguliere soarch, fanwegen de drokte mei coronapasjinten. Mei yngong fan moandei geane fjouwer fan de seis operaasjekeamers tydlik ticht.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Dat betsjut dat foar guon pasjinten de plande operaasje net trochgiet. De spesjalist bepaalt oft dat lije kin of net. It sluten fan fjouwer fan de seis operaasjekeamers betsjut dat santich persint fan de 'planbere' operaasjes oergiet. Dêrmei wurde mear ferpleechkundigen en spesjalisten frijmakke foar de soarch foar coronapasjinten.

Frits Mostert fan sikehûs MCL yn Ljouwert en bestjoersfoarsitter Marcel Kuin fan Antonius Sikehûs yn Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)