Grinzers yn aksje tsjin Frysk folksliet op kariljon Martinitoer

18 des 2020 - 17:22

Der is rebûlje yn it Hege Noarden om it spyljen fan it Fryske folksliet op it kariljon fan de Martinitoer yn Grins. De Fryske studinteferiening Bernlef yn de stêd hat dat foarinoar krigen mei it jaan fan in donaasje. Mar nei't se harren plan bekend makken, kaam der tsjinlûd fan Grinzers.

Foto: Shutterstock

Yn desimber en jannewaris sil de beierdier fan de Martinitoer yn Grins fersyknûmers spylje, yn ruil foar in donaasje oan de Voedselbank en de Martinitsjerke.

Sûnt de Fryske studinten tongersdeitemiddei oankundigen dat se dwaande wienen mei jild op te heljen om it Fryske folksliet op it kariljon fan de Martinitoer spylje te litten, is der in protte opskuor oer de aksje. Sa kopt it Dagblad van het Noorden "Groningen in opstand tegen Fries volkslied op de Martinitoren", en hawwe der al meardere Grinzer riedsleden op de aksje reagearre.

Neffens RTV Noord hat der sels immen 1.250 euro swijjild oanbean, mar dêrfoar sille de Grinzers noch efkes trochsparje moatte. Der is nammentlik troch Bernlef al mear as 1.450 euro ophelle foar it goeie doel, sa tweet de studinteferiening freedtemiddei.

De studinteferieniging giet sportyf om mei it tsjinlûd:

De studinteferiening sil oant en mei moandei 21 desimber fia harren webside noch jild ynsammelje foar de donaasje oan de Voedselbank en de Martinitsjerke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)