Mitchel Paulissen twa seizoenen langer by Cambuur

It kontrakt fan Mitchel Paulissen by SC Cambuur wurdt mei twa seizoenen ferlinge. Dat hat de Ljouwerter fuotbalklup freedtemiddei bekendmakke. De 27-jierrige oanfallende middenfjilder is no oant de simmer fan 2023 oan Cambuur ferbûn.
© www.orange-pictures.nl
Paulissen makke yn july 2019 transferfrij de oerstap fan Roda JC nei de Ljouwerters. Paulissen kaam oant no ta 36 kear yn aksje foar Cambuur, dêryn skoarde hy fjouwer kear en joech hy seis kear in assist.