Feroarsaker auto-ûngelok skopt en mislediget plysjes yn Ljouwert

18 des 2020 - 16:52

In 53-jierrige man út Ljouwert hat by syn oanhâlding plysjes útskolden en ien fan harren skopt. De man hie tongersdeitejûn in ûngelok feroarsake by de ferkearsljochten op de Marshallwei yn syn wenplak.

Foto: ANP

Doe't de ferkearsljochten op grien gongen, skeat de Ljouwerter mei syn Mercedes tusken twa oare auto's troch. Dêrby rekke er ien fan de twa. De bestjoerster fan de oanriden auto is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs.

Letter krige de plysje melding fan in skansearre auto oan de Breitnerstrjitte. De bestjoerder, dy't ûnder ynfloed wie, is yn syn wenning oanholden. Njonken it skoppen en skelden wegere er in blaastest. De plysje hat syn rydbewiis ynnommen en docht ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)