Toeristen wolkom op de Waadeilannen, mar hotels bliuwe foar grut part leech

18 des 2020 - 16:00

Hoewol't de boargemasters fan de Waadeilannen earder dit jier noch fregen om foaral net nei de eilannen te kommen, binne minsken yn de krystfakânsje wol wolkom. Dochs bliuwt it foar in grut part rêstich, allinnich yn de fakânsjehúskes sitte minsken.

De fjoertoer op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân

Yn de maitiid wiene de eilannen noch coronafrij. Boargemasters woene beslist net dat minsken fan it fêstelân it firus meibringe soene. "Maar we zijn inmiddels niet meer virusvrij op het eiland", seit boargemaster Leo Pieter Stoel fan de gemeente Amelân. "Bovendien zei Rutte: als mensen een huisje hebben gehuurd, dan kunnen ze daarnaartoe."

Dat is ek feroare yn fergeliking mei earder dit jier. "Toen was de oproep van Rutte om helemaal niet te reizen binnen Nederland, tenzij echt noodzakelijk. Dat mag nu wel."

Mar drok wurdt it dus net. "Er zijn wel wat toeristen, een paar gasten, maar het is niet overdreven druk. Rustiger dan normaal in elk geval. Als je in je huisje blijft om een boek te lezen, dan kan het ook prima. In de dorpen is het stil, want de winkels zijn dicht."

De Brandaris op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Ek op oare plakken yn de provinsje is it rêstiger as oars. Sa hawwe Fryske hotels te krijen mei in soad annulearringen. "Yn Ljouwert hawwe guon hotels mar in besetting fan 15 persint", fertelt Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "En de klanten dy't se hawwe dêr fertsjinje se folle minder oan, om't se gjin iten en drinken ferkeapje meie."

Ek yn de oare stêden en grutte doarpen is it rêstich yn de hotels. "En dat komt fansels om't der foar de gasten yn de stêden ek neat te dwaan is. Alles is ticht", seit Cnossen.

De hotels dy't wat mear yn de frije natuer sitte, draaie dizze krystfakânsje krekt wat better. Mar de drokte is hoe dan ek wat oars ferdield yn de krystfakânsje as oare jierren. "We sjogge dat de drokte no echt leit yn de wike nei de krystdagen, wylst it gewoanwei de earste wike fan de krystfakânsje it drokst is."

De besetting yn húskes en apparteminten is neffens Cnossen better as yn de hotels. "Mar dêr kinne je ek wat better op jesels wêze."

Toeristen binne wolkom op de eilannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)