Generaasje op generaasje wurkje oan Hylper erfgoed: hofleveransier Roosje

Hylper bernemeubeltsjes, de lytse stuoltsjes en de moaie Hylper tafelstoel: dêr is Roosje yn Hylpen dochs wol it meast bekend fan. It famyljebedriuw soe freed it keninklik predikaat hofleveransier ûntfange, mar troch de coronamaatregels giet dat earst net troch.
125 jier hofleveransier Roosje
"De bernestuoltsjes ha ús yn alle tiden ek altyd rêden. Se rinne as in reade tried troch it bedriuw," fertelt Hylper skilder Titus Stallmann. Roosje Hylpen is it âldste Hylper meubel- en skilderbedriuw yn it stedsje en bestiet sûnt 1894.
"De hichtepunten fan de ôfrûne 125 jier binne dochs wol dat we in prachtich Hylper meubel meitsje. We hawwe hiel memorabele mominten mei it keninklik hûs hân, mar natuerlik hawwe troch de jierren hinne prachtige bestellingen hân út de hiele wrâld wei", seit Stallmann.

Fjirde generaasje

Titus Stallmann is de fjirde generaasje yn it bedriuw Roosje. "Myn oerpake wie meubelmakker. Fan karakter wie hy in hiele rêstige, ynnimmende man, mar hy wie op-en-top fakman mei it houtsnijwurk. Dêrom koe hy ek hiel goed mei kompanjon Arend Roosje."
"Arend Roosje wie tige keunstsinnich", fertelt Stallmann. "Hy hat eins om 1890 hinne it behâld fan de Hylper skilderkeunst ek oppakt. Mar hy hie meubelmakkers nedich en dêr kaam hy dus myn oerpake tsjin. Dy twa waarden tegearre ien bedriuw en dat hjitte 'Oud Hindelooper Kunst Roosje Anno 1895", leit Stallmann út.

Generaasje op generaasje

"By ús is it dan sa yn de famylje: of do fynst it bysûnder om yn it skilderwurk troch te gean of do bist oanlein om wat mear technysk wurk te dwaan. Dan wurdst faak meubelmakker of houtsnijwurker. Dat lêste docht myn broer Johan. Sa meitsje wy mei ús twaen it Hylper produkt."
Fjouwer generaasjes © Paul de Bruin en Stallmann eigen besit
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sjocht by Roosje yn Hylpen
Mei it predikaat hofleveransier ûntfangt it famyljebedriuw nei 125 jier in earetitel. De foarâlden krije dat net mear mei, mar se soene der grif tige bliid mei wêze, tinkt Stallmann. "Ja, dy binne 'supertrots'. Myn foarâlden hawwe dit allegear mooglik makke. Wy binne no de fjirde generaasje en foar ús is it de bedoeling dat wy dit trochsette foar it behâld fan it Hylper erfgoed."
Stallmann: "Mar myn foarâlden binne natuerlik begûn, doe al mei it besef 'jonges, we moatte derom tinke. It Hylper erfgoed en de Hylper meubels, dat is hiel bysûnder. Dêr moatte we wat mei dwaan'. Dat is no nei 125 jier, oan ús ta, noch hieltyd yn libben."
© Omrop Fryslân
De famylje hat in bysûndere bân mei it keninklik hûs. Dat begûn by de oankeap fan in prikslide by Arend Roosje. Keninginne Emma kocht yn 1892 de prikslide op in beurs yn Ljouwert. Letter bestelden ek Wilhelmina en Beatrix meubels by Roosje. Yn de perioade fan Titus Stallmann en syn broer Johan Stallman, dy't de meubelmakker is, waarden der bernestuollen besteld troch, doe noch prins Willem-Alexander en prinses Máxima.
"Yn 2005 ha we de stoel sels brocht, dat wie op 10 juny. De prinsessen hawwe alle trije in bernestoel yn in oare kleur krigen. Ferline jier hat de famylje mei de prinsessen by ús west. Se wiene hjir wol oardel oere en wy hawwe se rûnlieden. It wie op 10 juny 2019. Dat wie wol hiel tafallich en hiel bysûnder. Wy fielden ús echt fereare."

Takomst

"Wy sjogge posityf nei de takomst. It is dreech, mar wy meitsje hiele bysûndere, gruttere meubels", seit Stallmann. De ynfolling foar de opfolging is noch wol in fraachteken. "Ik ha neefkes, nichtjes, ik ha twa dochters. Dy studearje hiel wat oars. Dus ja, dat wit ik net hoe't dat komt. Eventueel letter in frjemde, dêr moatte we ek mar ris oer neitinke. We hoopje dat we noch even tiid ha, mar it is en bliuwt wol in útdaging."