Plysje nimt hast 800 kilo fjoerwurk yn beslach op De Lemmer

De plysje hat tongersdei yn in loads op De Lemmer in partij fan 779 kilo yllegaal fjoerwurk yn beslachnaam. De gemeente De Fryske Marren en de miljeutsjinst FUMO hiene it fermoeden dat der yn it gebou mooglik fjoerwurk opslein lei en skeakelen de plysje yn. Dy fûn yn ferskate bunkers hûnderten kilo's fjoerwurk dat net oan de feilichheidseasken foldie.
It fjoerwurk dat yn beslach naam is © Plysje
Der lei ek knalfjoerwurk dat sûnt 1 desimber permanint ferbean is.
De plysje hat in fertochte oanholden. It strafrjochtlik ûndersyk nei dizze persoan rint noch.
Plysjewurdfierder Bert Sietzema