211 nije besmettingen meld yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 211 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 49 minder as tongersdei, doe wiene it der 260. It deistige trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 202.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De GGD is noch altyd in efterstân oan it fuortwurkjen nei de steuring fan tiisdei. Dêrtroch is doe net alles binnenkaam en binne dy dei minder besmettingen meld. De efterstân is de dagen dêrnei bywurke. It wie allinnich in 'papieren efterstân': de minsken dy't posityf test binne, hearden it wol op tiid.

Measte besmettingen yn Ljouwert

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel meld út Ljouwert mei 41, dêrnei folgje Súdwest-Fryslân mei 32 en Noardeast-Fryslân mei 21 nije besmettingen.
Der binne gjin nije stjergefallen meld. Wol twa sikehûsopnamen, se komme beiden út De Fryske Marren.
Lanlik binne der 12.028 nije besmettingen meld. Dat binne der sa'n seishûndert minder as tongersdei.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.