Twa slachtoffers by ûngelok yn Burgum

18 des 2020 - 14:30

By in frontale oanriding yn Burgum binne freed twa minsken ferwûne rekke. Ien fan de twa hat beknypt sitten yn de auto. De twa slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs.

Foto: ProNews

It ûngelok barde op de Ridder Huyssen van Kattendijkeweg, flakby de rotonde mei de Prins Bernhardstraat. Yn de auto's sieten ek twa jonge bern, dy binne neffens de plysje net ferwûne rekke. Hoe't it ûngelok gebeure koe, is net dúdlik.

De dyk yn de rjochting fan Sumar hat in skoft ticht west, sadat de plysje ûndersyk dwaan koe. It ferkear kin der yntusken wer del.

Trefwurden: 
ûngelok Burgum ferwûne
(Advertinsje)
(Advertinsje)