FIDEO: Kommissaris Brok sjocht yn It Polytburo werom op roerich 2020

18 des 2020 - 19:32

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wie freedtejûn te gast yn in ekstra lange útstjoering fan it telefyzjeprogramma It Polytburo. Presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema seagen mei Brok werom op in roerich 2020, dat hast folslein yn it ramt stie fan de coronapandemy.

It wie in jier sa't gjinien dat ea earder meimakke hat: it coronafirus lei it folsleine maatskiplike libben plat, mei grutte ekonomyske en ek psychyske gefolgen. Winkels en skoallen yn lockdown, alle eveneminten dy't skrast waarden, en de oardelmeterregel dy't it 'nije normaal' waard.

Hoe hat kommissaris fan de Kening Brok dat allegear belibbe? Wat gie der goed, en wat minder? En hoe sjocht Brok nei it nije jier? Kinne wy, faksinearre en wol, de tried wer oppakke, of sil it nea wer itselde wêze?

Foto: Omrop Fryslân

Brok sei yn de útstjoering ûnder mear dat it nedich is dat de kommissaris fan de Kening wer foarsitter fan de Veiligheidsregio wurdt. Eartiids wie dat wol sa, tsjintwurdich is de boargemaster fan de grutste gemeente de baas fan de Veiligheidsregio, yn Fryslân is dat boargemaster Buma fan Ljouwert. Dy is dus ferantwurdlik foar de útfiering fan corona-maatregels.

It liket op himsels logysk dat Brok, as fertsjintwurdiger fan it ryksregear yn Fryslân, de corona-maatregels fan it ryk útfiert. Brok wiist der op dat de boargemasters yn ús provinsje goed wurk dogge en dat de situaasje om him net weromdraaid hoecht te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)