Freedsmerk oer de krystdagen: "Sober en ûngesellich, mar ek sûnder drokte om it iten!"

18 des 2020 - 13:46

De krystdagen fan 2020 sille foar eltsenien oars wurde as oars. Minsken wurdt oanret allinnich mei de eigen húshâlding feest te fieren en gjin minsken thús út te nûgjen. Wy fernamen op de - útklaaide - Ljouwerter freedsmerk hoe't minsken de feestdagen krekt trochbringe sille en mei hokker gefoel.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Sober en ûngesellich, mar ek mei minder drokte oer it iten!" Op de freedsmerk die bliken dat de measte minsken wol begryp foar de sitewaasje ha en har oanpasse sille. "Mar it wurdt stil, tryst en iensum, net folle oan dus."

Ferskate minsken wiene benammen tankber: "Wy ha inoar noch en iten en drinken yn oerfloed! Dan binne der wol oaren!"

In keapman, dy't fan syn hannel allinnich de mûlkapkes mei hie, wie tankber dat syn âlden der oant no ta goed trochhinne kaam binne. "Neffens my wurdt it no in kwestje fan ôftelle: alle moannen wurdt it in bytsje better. We kinne optimistysk it nije jier yn!"

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)