Krystboadskip GGD Fryslân nei rekôrtal besmettings: 'Jou it firus net troch'

18 des 2020 - 12:20

Fryslân telde ôfrûne wike 1.378 nije coronabesmettings, it heechste oantal sûnt it begjin fan de coronakrisis. Foarige wike wiene der 973 positive tests. Foar de twadde wike op rige is de stiging hast 40 persint. GGD Fryslân hat noed oer de feestdagen dy't foar de doar stean. De sûnenstsjinst ropt dêrom op 'it firus net troch te jaan'.

Faksinaasjeprogramma

It oantal tests berikte de ôfrûne wike in rekôrtal fan 13.157, dat is 20 persint mear as in wike earder. Dat der sa'n soad test wurdt, ferklearret by lange nei net de stiging fan it oantal besmettings. De wichtichste konklúzje is dat Friezen har mear teste litte, om't mear Friezen klachten hawwe.

Jongerein

De ôfrûne wike rekken yn de provinsje 55 bern fan 4 oant 12 jier besmet. Mei fjouwer persint fan it totaal oantal besmettings wie harren oandiel noch nea earder sa heech. Foarhinne skommele dit persintaazje om de 1,5 hinne. It oandiel 12- oant 18-jierrigen naam foar it earst ôf sûnt it moanne lyn ynienen folle mear besmettings ûntstiene. It gie ôfrûne wike werom fan 18 nei 14 persint. Dat komt del op hast 200 besmette pubers.

Alderein

It oantal bewenners en meiwurkers fan Fryske ferpleech- en fersoargingshûzen dat posityf test is op corona nimt noch net ôf. De lêste wiken wiene der sa'n 60 nije besmettings. Dêrneist lit de thússoarch dizze wike in stiging sjen, fan 10 nei 15 besmette kliïnten.

Om sa folle mooglik sicht te hâlden op besmettings yn de soarch, skaalt GGD Fryslân nettsjinsteande de hege oantallen it boarne- en kontaktûndersyk noch net hielendal ôf. Dit betsjut dat de GGD fanwegen drokte net alle posityf teste persoanen fuort op deselde dei belje kin. Sy kinne wol fia harren mail of Digid op tiid harren útslach sjen.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Krystboadskip fan GGD

Mei it each op de feestdagen trunt GGD Fryslân der by eltsenien op oan om de maatregels strikt nei te libjen. Neffens de GGD moatte minsken kryst en âld en nij yn eigen húshâlding fiere en besite beheine. Op 24, 25 en 26 desimber binne trije gasten deis tastien, op oare dagen twa.

Dat jildt ek foar bewenners fan ferpleech- en fersoargingshûzen, útsein as der bygelyks fanwege in corona-útbraak ekstra maatregels binne.

Wa't mei de krystdagen in âldere út in soarchynstelling wei mei nei hûs nimt, moat fan doar ta doar in mûlkapke drage, ek yn de auto. It krystboadskip fan de GGD is: jou it firus net troch.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

GGD nimt faksinaasjepersoniel oan

Op 8 jannewaris moat yn Nederlân it faksinearjen tsjin it coronafirus úteinsette. Dat is lykwols flink letter as omlizzende lannen. "It wachtsjen wie op de faksinaasjestrategy", leit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân út. "Eltsenien soe yninte wurde kinne as de groep fan 60+ yninte wie. Mar no binne ek de soarchmeiwurkers nei foaren ta helle. De GGD is frege dêryn te helpen, wylst earst oaren dat dwaan soene."

Neffens De Graaf hawwe se yn oare lannen net in soad tariedingstiid naam en kin dat letter problemen opsmite. "Yn it Feriene Keninkryk wurdt bygelyks net goed registrearre. Dêr binne se gewoan begûn en dêr hast letter in soad lêst fan. Kinst it better goed en feilich dwaan as te rap. Wy begjinne dêrom letter."

Sechsde testlokaasje

GGD Fryslân hat yn it WTC Expo yn Ljouwert in twadde hal ôfhierd. Dêr kinne nei ferwachting fan heal jannewaris ôf de faksinaasjes foar it soarchpersoniel begjinne. De romte foar faksinaasjes is strikt skieden fan de hal dy't de GGD dizze wike yn gebrûk naam hat foar grutskalich testen. De GGD nimt op it stuit meiwurkers foar alle wurksumens yn it fakinsaasjesintrum.

Moandei iepenet op It Hearrenfean in sechsde coronatestlokaasje fan de GGD, yn in gebou dat yn gebrûk wie by it Friesland College.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân oer de nijste ûntwikkelings

Mei de 1.378 positive tests fan ôfrûne wike binne no 11.329 fan Fryslân besmet rekke mei it firus. De GGD krige dizze wike seis meldings fan besmette minsken dy't ferstoarn binne. Foarige wike wiene dit der fjouwer. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei corona stiet no op 148. Der binne sân sikehûsopnames trochjûn tsjin tsien foarige wike.

De gemeente Súdwest-Fryslân telt noch altyd de measte besmettings (315 yn in wike), mar de groei wie minder grut as yn de wiken derfoar. Yn Ljouwert, Waadhoeke en Tytsjerksteradiel wie sprake fan in ferdûbeling of mear.

Mei 24 besmettings (tsjin fjouwer foarige wike) liet Amelân persintueel de grutste groei sjen. Yn acht fan de 18 gemeenten wie de skoare noch nea sa heech as ôfrûne wike.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)