Roy Postma (25) nije fraksjefoarsitter D66 Smellingerlân

18 des 2020 - 11:51

Riedslid Roy Postma wurdt mei yngong fan 1 jannewaris 2021 de nije fraksjefoarsitter fan DD6 yn de gemeente Smellingerlân. Hy nimt it stokje oer fan sittend fraksjefoarsitter Ron van der Leck.

Ron van der Leck (l) en Roy Postma (r) - Foto: Sjirk Bruinsma

Van der Leck fynt dat it tiid is foar fernijing. Hy is dwaande mei syn lêste termyn yn de gemeenteried. Fan 2014 oant 2018 wie hy wethâlder en yn de perioade dêrfoar wie hy ek al fraksjefoarsitter.

De 25-jierrige Postma is sûnt 2018 riedslid. Hy wurdt de jongste fraksjefoarsitter yn de gemeenteried fan Smellingerlân. De berne Drachtster is bliid dat er dizze taak op him nimme mei. "It tsjûget fan in grut fertrouwen dat Ron en de leden my dizze taak tafertrouwe", fertelt hy.

Beliedsmeiwurker

De ôfrûne jierren sette Postma him yn foar ûnder oare it ferromjen fan de winkeltiden, it útwreidzjen fan lienings foar it ferduorsumjen fan wenten, de útwreiding fan it skatepark en de lokaasje fan it nije swimbad. Neist syn riedslidmaatskip wurket hy as beliedsmeiwurker op de ôfdieling Ekonomyske Saken by de gemeente Hearrenfean.

Van der Leck bliuwt wol aktyf as riedslid. "It is tiid om it stokje oer te dragen oan in nije generaasje", seit hy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)