Is in yn Eindhoven stellen ketting fan alvestêdekrúskes wer werom yn Fryslân?

18 des 2020 - 11:33

In yn Eindhoven stellen ketting mei alvestêdekrúskes is mooglik werom te finen yn Fryslân. Dat hopet hear Swierstra (85) út Ljouwert, sa fertelde er yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân. Hy liet de ketting meitsje foar syn dochter, mar it sieraad ferdwûn seis jier lyn by in ynbraak yn har wenning.

Hear Swierstra siket syn stellen ketting mei alvestêdetochtkrúskes

Swierstra wie dizze wike te gast yn it programma Museum van Nederland fan Omroep Max. Hy hat fiif kear de Alvestêdetocht útriden en syn heit trije kear. Fan sân krúskes liet Swierstra in ketting meitsje foar syn dochter, foar har 40ste jierdei, en ientsje hold er sels. "Gelokkich haw ik sels ien krúske holden, myn earste fan '54", fersuchtet Swierstra.

Mar by in ynbraak yn de wenning fan syn dochter ferdwûn de ketting. "Yn desimber 2014 is der ynbrutsen by har yn Eindhoven en is der in boel stellen, ûnder oare dy ketting mei dy krúskes deroan", seit Swierstra. "En dy binne noait wer weromfûn."

Yn de berm

Mooglik komt dêr no feroaring yn, want nei de útstjoering fan it telefyzjeprogramma krige Omroep Max berjocht as soe de ketting wer yn Fryslân wêze. In man liet witte dat er de ketting fûn hie yn maart 2015, yn de berm fan in sneldyk by Eindhoven doe't er maleur krige mei syn auto.

In alvestêdekrúske - Foto: ANP

"De plysje die der net safolle mei, dus hy hat it sels holden", fertelt Swierstra, dy't tongersdeitemoarn de finer oan de telefoan hie. Nei't de man de ketting fûn hie, pleatste er ek in berjocht op Facebook, mar krige gjin reaksjes. Yn 2017 krige er kontakt mei immen út Fryslân, dy't ynteressearre wie yn âlde dingen fan de Alvestêdetocht. Dizze man kocht de ketting en no is Swierstra op syk nei him.

Emosjonele wearde

De man dy't de ketting ferkocht "foar 350 euro", miende dat de samler út Bartlehiem kaam. "Mar dat wist er net seker", lit Swierstra witte. Hy hopet fia Omrop Fryslân de ketting no wer werom te krijen. "As dat kin hiel graach. En ik wol der ek wol wat foar betelje, want it is my in soad wurdich. Emosjoneel sit der natuerlik nochal wat oan fêst."

Wa't mear wit oer de ketting kin in e-mail stjoere nei de redaksje fan it radiopgramma De Middei fan Fryslân fia faria@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)