Gemeente Weststellingwerf hellet ruftekonteners fuort

18 des 2020 - 11:14

Weststellingwerf hellet de ruftekonteners yn de gemeente fuort. Offalferwurker Omrin hat mei yngong fan jannewaris 2021 in nije skiedingsynstallaasje foar húshâldlik ôffal, wêrtroch't it apart ynsammeljen fan ruften net mear nedich is.

Foto: Shutterstock

Weststellingwerf hellet begjin 2021 yn totaal fjouwer konteners op De Blesse en yn Munnikebuorren, Aldeholtpea en Wolvegea fuort. Ynwenners fan de gemeente kinne ruften dêrnei by it restôffal dwaan.

De nije skiedingsynstallaasje fan Omrin wurdt de Dano-trommel neamd. Dy skiedt organysk materiaal, wêrûnder ruften, út it restôffal. It organysk materiaal wurdt geskikt makke om yn biogas om te setten.

It opwekte biogas wurdt foar in part as brânstof brûkt foar de ynsammelweinen fan Omrin. Troch dy wize fan neiskieding is it better om de ruften yn de grize kontener te dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)