FNP yn noed oer gefaarlik krúspunt De Harkema

De FNP wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten oan de slach giet mei in feilige oplossing foar it krúspunt op De Harkema mei de provinsjale wei N369. Op it krúspunt wienen de lêste jierren ferskate ûngelokken.
© Google Street View
De N369 is in drokke ûntslutingswei tusken Drachten en noardeast-Fryslân mei in soad ferkear. Op it krúspunt fan de provinsjale dyk N369 mei de Reitsmastrjitte en de Betonwei hawwe de lêste jierren ferskate ûngelokken west. Pleatslik Belang fan De Harkema wol dêrom graach dat it krúspunt oanpakt wurdt.

Skriftlike fragen

Op ferskate plakken op de provinsjale wei hat de provinsje yn de ôfrûne jierren yntusken oanpassingen dien of sille de weiwurkers ynkoarten oan de slach. Oant no ta is lykwols noch net de kar makke om it krúspunt feiliger te meitsjen.
De FNP freget it kolleezje fan Deputearre Steaten om nei in feilige oplossing foar dit krúspunt te sykjen. Krekt as by De Rottefalle soe dat mei in 'bajonet' kinne, of oars miskien mei in 'ovonde'.