Kollum: "Ut it ryk fan de ingels"

"Moandei is it 21 desimber en op dizze dei is de wintersinnekear, de koartste dei fan it jier. Net yn oeren mar al wat it ljocht oanbelanget. De sinne stiet leech oan 'e himel en de nachten binne lang, mar fan 25 desimber ôf begjint er wer te rizen en wurdt sadwaande it ljocht wer berne.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Krystfeest, Midwinter, Wintersolstice, Joelfeest; hoe'tst it ek neamst, ien ding is wis, it ljocht komt werom! Wy binne hjir net mear sa ôfhinklik fan de seizoenen en we sitte ek noait mear folslein yn it tsjuster. Echte winters ha wy ek amper mear, dochs hâlde wy al fêst oan bepaalde tradysjes en fiele we noch altyd hoe hearlik it is as de dagen wer langje! Mar foardat it sa fier is, ferljochtsje we beammen en hûzen of sels folsleine strjitten, fiere we advint en spylje de ingels wer in rol yn ús libben.
It wurd 'ingel' komt fan it Grykske wurd 'angelos', dat boadskipper betsjut. Ingels binne ûnstjerlik en wurde wol de energetyske brêge tusken himel en ierde neamd. Se kinne ek in diel fan dyn werklikheid wurde ast dyn hert dêr foar iepen stelst en ast der op fertrouwe kinst dat dyn hegere sels dy mei harren yn kontakt bringe kin. It iennichste datst noch dwaan moatst, is harren freegje om help.
Der binne ferskate soarten ingels en der skynt in bepaalde rangoarder te wêzen mar de aartsingels sa as Michaël, Rafaël en Gabriël binne neffens my, neist de beskermingels, wol it bekendst. Ingels bringe ús leafdefolle enerzjy en ast wol wat help fan boppe brûke kinst, dan kinst se gewoan oanroppe. Michaël kinst bygelyks freegje om beskerming en enerzjykoarden troch te snijen, Rafaël foar help mei dyn sûnens en Gabriël oangeande kommunikaasje of in bernewinsk.
Ik freegje ek wolris om help, sa as it ôfrûne wykein, doe't ik myn lêsbril kwyt wie. Uteinlik ha 'k mar efkes opsocht hokker ingel ofst oanroppe moatst om dingen te finen en dat is Chamuël. Fuort neidat ik him frege hie oft er my helpe woe, kaam Jelle yn it kantoar mei de bril. Dy wie út 'e sitting fan de stoel rûgele en ik wie sa bliid as in lyts bern. Ik ha Chamuël betanke en dit wie net de earste kear dat se my holpen ha én ik tink dat ik ek ris ien sjoen ha mei it foarkommen fan in minsk.
Sa wiene wy jierren ferlyn ris op it strân fan Skiermûntseach. It wie leech wetter, dus de bern hiene gjin swimbantsjes om en boarten yn lytse wetterpuollen. Op in bepaald momint stie der ynienen in Catweazel-eftige man mei in âlde gammele fyts neist my. Hy sei dat dy puollen bêst wol djip wêze kinne en dat ik my dêr net op fersjen moast. Ik betanke him en die de bern de swimbantsjes om. Ut it neat kommen, wie er ek samar wer ferdwûn want nettsjinsteande dat it in grut strân wie, seach ik him nearne mear.
Ast in ingel om help fregest dan kinst dat op ferskate manieren merke, troch bygelyks in idee datst samar krijst, in wyt fearke dat foar dyn fuotten leit of in oanwizing yn in ferske. Miskien fielst dy ynienen hiel rêstich, wurdst waarm óf kâld, dus besykje it gewoan in kear. Mei dizze nije lockdown yn de meast tsjustere perioade fan it jier, kin elk wol in ljochtpuntsje brûke en miskien binne dêr wol folle mear fan ast tinkst!
En wylst ik ûnder it skriuwen fan dizze kollum de hynders gau efkes hea joech, kaam der krekt in nij ferske op de radio yn 'e stâl; Angels fan Robbie Williams. Noflike dagen!"