It karbidsjitten is dit jier oars as oars: "Dit wurdt ien foar yn de boeken"

Wol karbidsjitte of net karbidsjitte op âldjiersdei? Dat is de fraach dy't de karbidploegen no oan 'e holle knaget. De Fryske boargemasters seine tongersdei nei oerlis dat de tradysje op 31 desimber trochgean kin, mar yn lytse ploechjes fan twa minsken. Mar wat betsjut dat beslút foar de karbidploegen?
Karbidsjitte yn Ousterhaule oan de Heerewei © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De Fryske boargemasters seine dat it miskien ferstanniger is as karbidferieningen net trochsette. De ploech fan Nijewier hat lykwols besletten dit jier gewoan te knallen. "We ha it juster yn de groep smiten en dêr is útkaam dat wy gewoan trochsette", leit Leonard van Hijum fan de ploech út.
Sa gewoan wurdt it dit jier lykwols net, want de dielnimmers moatte har oan strikte regels hâlde. De plysje hâldt dêr strang tafersjoch op. Van Hijum: "Dit wurdt ien foar yn de boeken, want wy hawwe der aardich wat ekstra maatregels by. Wy moatte allegear op oardel meter stean, yn ploechjes fan twa man."

Gjin taskôgers

Dêrneist moatte de hannen regelmjittich ûntsmet wurde en moatte de sjitters mûlkapkes drage. Dêr hat de ploech in soad jild yn stutsen. "Ja, dat hat in aardige ynvestearring west", seit Van Hijum.
"En der meie gjin taskôgers by wêze, want dan wurdt it in evenemint. Dus dat wurdt efkes oanpasse." Nijewier is in lyts doarp, dus grutte streamen taskôgers ferwachtet Van Hijum net. "Mar we sille minsken tsjinhâlde moatte by de poarte nei it fjild ta."

Digitaal

As oplossing betochten de Nijewiersters dat minsken digitaal meisjen kinne. "We sieten deroer te tinken om der in kamera by te setten en dat minsken dan fia YouTube meisjen kinne." It karbidsjitten skrasse wie gjin opsje foar de ploech. Van Hijum: "Dat is skande fan alle plannen en de tiid dy't we deryn stutsen hawwe."
Leonard van Hijum fan Nijewier
De karbidploech fan Mitselwier is ien fan de ploegen dy't besletten hat dit jier it lid op de molkbus te hâlden. It is harren allegear te yngewikkeld om alles coronaproof te meitsjen. It is gewoanwei drok by it sjitten it in doarp, mei in pear hûndert man.