Liveblog | 18 desimber 2020

Coronanijs fan 18 desimber: Antonius stelt santich persint operaasjes út | 211 nije besmettingen

Folgje hjir it lêste coronanijs fan freed 18 desimber.
Lêst bywurke: 18 desimber 2020, 22:49
22:45

Ein fan dit liveblog

Dit wie it liveblog fan freed 18 desimber. Tank foar it folgjen!
22:35

Pizzeria yn Wolvegea hat lanlike primeur: in 'waarmhâldkast'

In pizzeria yn Wolvegea is it earste plak dêr't klanten in pizza ôfhelje kinne sûnder yn kontakt te kommen mei meiwurkers. Klanten kinne de pizza út in saneamde 'waarmhâldkast' pakke. Dat systeem wurket lyk as de fakjes yn in muorre dy't je by in snackbar iepen lûke kinne.
© Domino's Wolvegea
20:34

SP Ljouwert oerlanget taart oan sikehûspersoniel

De SP fan Ljouwert hat freedtemiddei in taart oerlange oan de meiwurkers fan it MCL. De partij wol mei dizze aksje de soarchwurkers opmoedigje en mei harren yn petear gean oer de 'hege wurkdruk en de lege leanen' yn de soarch. Neffens de SP fertsjinje soarchferlieners mear as in applaus.
SP-ôfdielingsfoarsitter Aldo Schelvis: "Onze zorgverleners werken keihard voor de samenleving, maar zien daar te vaak te weinig voor terug. Het wordt nu door de coronacrisis pijnlijk duidelijk wat jaren van bezuinigingen, privatiseringen en afbraak van de zorg voor gevolgen hebben. Daarom verdienen de medewerkers alle steun en moet onze zorg weer volledig in publieke handen komen."
© SP Leeuwarden
18:56

'Nederlanner moat negative test toane foar besite oan België'

Nederlanners moatte in resinte negative útslach fan in coronatest sjen litte as se nei België komme wolle. Dat hawwe de Belgyske regearingen freed besletten, meldt it parseburo Belga op basis fan boarnen.
België is bang foar in grutte tastream fan Nederlanners dy't yn België winkelje wolle om't de measte winkels yn Nederlân no ticht binne. Yn hiel België is it dit wykein ek noch ris keapsnein.
18:09

Fryslân net by earste trije faksinaasjeregio's

Utrecht, Rotterdam en Hart voor Brabant binne de earste trije GGD-regio's dy't úteinsette mei it faksinearjen tsjin corona. Dat seit in wurdfierder fan GGD-koepel GGD GHOR. Utrecht set op 8 jannewaris útein, seit in wurdfierster fan de GGD Utrecht. Oft de oare twa regio's ek op 8 jannewaris begjinne, koe de wurdfierster net sizze.

GGD: faksinaasje yn Fryslân net op 8 jannewaris, mar wol fóar 18 jannewaris

De Fryske GGD befêstiget dat der op 8 jannewaris yn Fryslân noch net úteinset wurdt mei it faksinearjen. Op 18 jannewaris moatte alle Veiligheidsregio's wol begûn wêze. De GGD kin op dit stuit noch net melde wannear't Fryslân it krekt docht, mar de wurdfierder seit wol dat dat yn alle gefallen tusken 9 en 18 jannewaris wêze sil.
17:26

Antonius Sikehûs yn Snits stelt santich persint fan de plande operaasjes út

Krekt as oare sikehuzen beheint ek it Antonius Sikehûs yn Snits de reguliere soarch, fanwegen de drokte mei coronapasjinten. Mei yngong fan moandei geane fjouwer fan de seis operaasjekeamers tydlik ticht.