Kuorballers fan LDODK traine wer, mar oare Fryske topsporters noch net

18 des 2020 - 06:33

It earste team fan de kuorballers fan LDODK hie tongersdeitejûn de earste groepstraining yn sporthal Koartsweagen op 'e Gordyk. Foarôfgeand oan dy training wie der earst in ekstra coronatest, want it mei-inoar trainen moat fansels wol feilich. Mar omdat eltsenien negatyf wie, koe der gewoan fanatyk traind wurde.

Training LDODK

Om krekt yn de earste wike fan in hurde lockdown wer te begjinnen mei trainingen fielt wol wat apart, seit ek foarsitter Gouke de Vries fan LDODK. Mar der is in goede reden om wer te begjinnen, want heal jannewaris set de kuorbalkompetysje wer útein.

De Vries fernimt ek oan de spilers dat se wer graach 'earne foar traine wolle'. "Moannenlang traine yn duo's, sûnder útsjoch op wedstriden, dat motivearret net. Ik sjoch no wer blide gesichten, dêr dogge je it foar." Echt bliid is de foarsitter noch net. "It is moai dat it earste team wer los is, mar ik bin pas echt bliid as ek de bern wer traine en kuorbalje kinne."

Djoere coronatests

De ferplichte ekstra coronatests kostje de klup wol jild, mar tanksij in pear moaie jierren mei in soad publyk kin LDODK dat wol even folhâlde en boppedat hat it kuorbalbûn ek in bydrage tasein.

De Vries fynt it ek tsjinoer de sponsors wichtich om wer aktyf te wurden. "We binne net ien sponsor kwytrekke yn dit drege jier. We wolle ús dêrom graach wer sjen litte, ek al is dat mei in livestream."

De spilers begûnen tongersdei fanatyk oan de earste groepstraining. "Op 2 januari is onze eerste oefenwedstrijd", seit spylster Malou Kuiper. "Dat is bijna. Je hebt nu weer iets om naar uit te kijken, dat is wel fijn." Se fynt it ek fijn om de oare spilers wer yn it echt te sjen. "Dat is goed voor de sociale contacten, want bij mijn studie is ook alles online."

"We ha gelok dat we erkend binne as topsportkompetysje en wer folle bak meie", seit Ran Faber. "It is moai dat út alle ûndersiken blykt dat by it sporten net folle minsken besmet reitsje. Foar wat bûten it sporten bart, binne we sels ferantwurdlik."

De spilers wurde op eltse wedstriiddei en ek foar eltse oefenwedstriid test. "Nim fan my oan dat we goed ús best dogge, om ús meispilers net te besmetten", seit Faber.

Sealfoutbalfroulju ha jild nedich

De Fryske sealfuotbalfroulju út de earedifyzje, dy't spylje by Libertas en Drachtster Boys, ha woansdeitejûn oerlein mei it fuotbalbûn KNVB. Dêrút die bliken dat de kosten aardich oprinne kinne foar it opstarten fan de kompetysje. Dat hat te krijen mei de coronatests, dy't de folsleine seleksje elke wike ûndergean moat.

"Wy binne in jonge feriening mei noch net in soad fet op 'e bonken", leit Jouke Dantuma fan Libertas út. "De KNVB hat besifere dat der by wedstriden oant ein febrewaris test wurde moat en dat kostet ús sa'n 4.500 euro. En dan is der noch gjin wissichheid dat we dêrnei sûnder tests fierder kinne."

Jouke Dantuma fan Libertas

Oare topsporten wachtsje noch

De basketballers op it heechste nivo, wêrûnder Aris út Ljouwert, ha saterdei oerlis. Dan besjogge se hoe't se de werstart fan de kompetysje oanpakke. Follybalklup VC Snits is fan doel om saterdei foar it earst wer te trainen.

De iishockeyers fan UNIS Flyers spylje dit hiele seizoen net mear. Al it testen kostet te folle jild en dêr steane hast gjin ynkomsten tsjinoer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)