Unanime stipe Twadde Keamer foar moasje om it Frysk sichtberder te meitsjen

17 des 2020 - 23:40

De Twadde Keamer hat tongersdei op de lêste gearkomstedei foar it krystreses besletten dat der op ferskate mêden mear dien wurde moat oan it Frysk. Meiïnoar naam de Keamer fjouwer moasjes oan. Ien dêrfan sprekt út dat ek it Ryk bydrage moat oan it sichtber meitsjen fan de Fryske taal by de Rykstsjinsten en ek yn de oerheidskommunikaasje mei de Fryske boargers.

Harry van der Molen - Foto: ANP

Omdat ien en oar net regele is yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer soe it Ryk dêr in aparte ôfspraak oer meitsje moatte mei de provinsje. De Twadde Keamer stipe de troch de Fryske keamerleden Harry van der Molen (CDA) en Aukje de Vries (VVD) yntsjinne moasje unanym en dat besjut dat minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren hjir no mei oan de slach moat.

Tresoar

Ek de moasje fan Van der Molen oer it foarnimmen fan it Ryk om út de mienskiplike regeling foar Tresoar te stappen, waard mei algemiene stimmen stipe. Minister Slob fan Underwiis spruts earder it foarnimmen út om as Ryk net langer diel te nimmen yn de regionale argiven. Van der Molen fynt dat yn it gefal fan Tresoar gjin goed idee, fanwege de soarchplicht fan it Ryk foar de Fryske taal. Hy waard dêryn stipe troch al syn kollega-keamerleden.

Minority SafePack

Lykas it Europeesk Parlemint earder op de dei wie der ek yn de Twadde Keamer in mearderheid foar it boargerinisjatyf Minority SafePack, dat de beskerming en promoasje fan de minderheidstalen yn Europa op Europeesk nivo befoarderje wol. Provinsjale Steaten wiene woansdei de Twadde Keamer en it Europeesk Parlemint krekt in dei foar. Dizze troch CDA en D66 ynstjinne moasje waard ek stipe troch PvdA, GrienLinks, 50Plus, ChristenUnie, Denk en de ûnôfhinklike keamerleden Henk Krol en Femke Merel van Kooten.

Frysktalige coronaynformaasje

Ek de moasje fan Twadde Keamerlid Nevin Özütok fan GrienLinks foar mear Frysktalige oerheidsynformaasje oer it coronafirus en de coronafaksinaasjes waard troch de Twadde Keamer stipe. Özütok kaam der koartlyn ta har fernuvering achter dat de GGD yn Fryslân mar kwealik it Frysk brûkt yn de kommunikaasje mei de boargers. Sy is fan betinken dat de GGD hjir tekoartsjit en dat seker by sa'n wichtich ûnderwerp as corona alle ynformaasje ek yn it Frysk beskikber wêze moat. Ek dizze moasje waard mei algemiene stimmen stipe troch de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)