Twadde Keamer stimt foar ferbod op ferkeap wettercrassula

17 des 2020 - 22:58

De Twadde Keamer hat ynstimd mei in ferbod op de ferkeap fan wettercrassula by túnsintra en plantewinkels. It plantsje, dat der útsjocht as einekroas, wreidet him bot út en bringt seldsume ynheemske soarten yn gefaar. Op Skylge is it in grut probleem en Steatsboskbehear set dêr alles op alles om der fan ôf te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

De bestriding fan it eksoatyske plantsje op it eilân sit no yn in nije faze. Ekologen fan de stifting Bargerveen kontrolearje no elke twa wiken de plakken by Midslân oan See dy't earder mei grutte graafmasines crassulafrij makke binne. Dat is in stadich proses wêrby't de ekologen op 'e knibbels troch dizze gebieten krûpe om de meast lytse restanten op te speuren.

It ferbod op de ferkeap fan wettercrassula giet yn op 21 maart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)