Henk de Jong hat gjin spyt fan oanpast basisalvetal: "Ik bin bliid dat se spile ha"

17 des 2020 - 22:12

Cambuur ferlear tongersdeitejûn fan Go Ahead Eagles (1-2) en waard dêrmei útskeakele yn de striid om de KNVB beker. Dochs hie trainer Henk de Jong gjin spyt fan syn kar om leafst njoggen basisspilers te ferfangen foar it bekerduel: "Net in sekonde!"

Henk de Jong oer de nederlaach tsjin Go Ahead Eagles

"Dy jonges ha it hartstikke goed dien", sa seit De Jong. "Ik bin bliid dat se spile ha." Hoewol't Go Ahead dus wûn, hie Cambuur sa ek de folgjende ronde helje kinnen, tink de trainer. "It gie lykop yn de wedstriid, it koe beide kanten op. Wy ha genôch kânsen hân om 2-2 te meitsjen."

"Dy moatte je binnen lizze"

De Jong seach syn ploech yn it slot fan de wedstriid noch tichteby kommen. "Yn de lêste tweintich minuten hiene wy dikke kânsen, dy keeper hold der in pear goed út. En Giovanni (Korte, red.) skeat eins foar in lege goal neist, dat binne mominten dat je 'm binnen lizze moatte."

Al mei al fynt De Jong it gjin skande dat Cambuur ferlear. "Eins hie it in lykspul wêze moatten, mar dat kin yn de beker fansels net. Dus ha se terjochte wûn."

Michael Breij nei it ferlies tsjin Go Ahead Eagles

Michael Breij wist nei ôfrin net krekt wêrom't de ploech út Deventer winner waard. "Het is een nare ploeg om tegen te spelen, ze gooien alles op slot. 2-1 achter kan, ondanks dat creëren we twee grote kansen."

Breij kaam nei de wiksel fan Pouwels yn de spits te stean, in noflike posysje, fynt er. "Ik vind het een fijne positie om te spelen. Ik ben erg balvast en ik denk dat we daar een paar kansen hebben kunnen creëren. Maar de laatste bal viel steeds net niet goed."

Wer yn de basis?

De middenfjilder moast it de lêste wiken dwaan mei in plak op de bank. Mei syn basisplak tongersdei hat er noch net echt sjen litten wat er kin, sa seit Breij. "Qua energie wel, maar aan de bal kan het wat beter. Het was niet de wedstrijd ervoor om te laten zien. Ik ben het natuurlijk niet met de trainer eens dat ik niet in de basis sta, maar elke minuut die ik krijg probeer ik mijn best te doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)