Mynbou Waad ûnder druk troch seespegelstiging

17 des 2020 - 21:48

De seespegelstiging kin der foar soargje dat de gas- en sâltwinning ûnder it Waad beheind wurde moat. Dat skriuwt minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken tongersdei yn in brief nei de Twadde Keamer.

Foto: Remco de Vries

Foar de mynbou jildt dat soks mei de hân oan de kraan bart. Dat betsjut dat de gas- of sâltwinning beheind wurdt as de boaiemdelgong troch dy mynbou net mear foldwaande kompensearre wurdt, trochdat der fan boppe slyk en sân by komt. Mar as los fan dat proses de seespegel troch klimaatferoaringen ek nochris omheech komt, komt der mooglik dochs mear fan it Waad ûnder wetter te stean as no. En dat is min foar de natuer.

Wiebes skriuwt no dat de mynbou beheind wurde sil, wannear't út ûndersyk bliken docht dat de seespegelstiging yndied hurder giet as dat it Waad byfytse kin mei ekstra sân en slyk.

Projektgroep

In projektgroep mei wittenskippers fan it KNMI, Deltares, TNO en de Universiteit Utrecht siket no út hoefolle romte der noch is foar mynbou ûnder it Waad foar de perioade 2021-2026. It advys fan dizze groep wurdt noch dizze moanne ferwachte en wurdt begjin takom jier nei bûten brocht.

Ferline jier hat de gaswinning noch net ta in situaasje laat wêrby't de minister yngripe moast, sa docht bliken neidat de gegevens oer de boaiemdelgong nochris ekstra besjoen binne troch saakkundigen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)