Jillert Anema: "Corona is folle belangriker as de fraach oft wy ride meie"

Basketballers, kuorballers, follyballers en sealfuotballers. Samar in pear fan de 5.000 topsporters dy't de groepstraining wer oppakke meie, nei't se dêr ferline wike tastimming foar krigen fan it regear. In útsûndering binne de maratonriders. Sy stean net op de list mei topsportkompetysjes dy't foarearst wer los meie. "As dat it offer is, dat wy bringe moatte, dan bringe wy dat", sa seit reedrydcoach Jillert Anema.
© Orange Pictures
Corona is tsjintwurdich nea fier fuort, en al hielendal net by de ploegen fan Anema. "Ien fan ús riders hat dizze wike in famyljelid te hôf brocht fanwegen corona. In oare rider syn heit leit slim siik yn it sikehûs mei corona. Der libje wy ôfgryslik mei mei. Dan is dat belangriker as oft wy wol of net mear ride dit jier, tink ik dan."

Sport is bysaak wurden

Tongersdei waard bekend dat it NK maraton, in jierlikse tradysje op 1 jannewaris, foarearst net trochgiet. Anema sjocht de sport op it stuit as bysaak. "Ik fyn tefolle dat it in ik-maatkskippij wurden is. Ik fyn dat je de beskaving fan in maatskippij ôfmjitte kinne oan de reewilligens fan de sterkeren om de swakkeren te helpen. Minsken snappe it net, mar it giet op 'e kop ferkeard. It is smoardrok op 'e dyk en minsken wolle gewoan troch feeste mei de krystdagen en âld en nij. Dat komt net goed. Want we dogge it sels. Kinst wol nei oaren wize, sa fan sy meie dit en sy meie dat. Minsken moatte ophâlde fan seuren en nei harsels sjen."
Dan bist in bobo wurden, mei in moai baantsje, dy't elk jier op telefyzje komt wannear't it min 1 is.
Jillert Anema oer de Alvestêdeferiening
Hoewol't Anema snapt dat der net riden wurdt, begrypt hy neat fan it beslút fan de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden om in mooglike Alvestêdetocht no al ôf te sizzen. "Do moatst in draaiboek meitsje mei problemen dêr't je tsjinoan rinne, wannear't jo de tocht organisearje wolle. Dan kinst no al begjinne de tûkelteammen derút te heljen. Wannear't de coronasifers dan aanst nei ûnderen gean, kinst miskien wol ride. Dêr moatte je in protokol foar meitsje, bygelyks mei wachtrigen en ferskate starttiden. Dan kinne we ride."
De altyd útsprutsen Anema hat dan ek gjin goed wurd oer foar de beslissing. "It liket nergens op. Ik fyn dan ek dat se har funksje opjaan moatte. Se binne harren drive kwyt. Dan bist in bobo wurden, mei in moai baantsje, dy't elk jier op telefyzje komt as it wer min 1 is. Dan moatst ophâlde."
Jillert Anema oer it losgean fan topsportkompetysjes