Erkenning foar dupearre âlden taslagge-affêre: "Ik ha altyd tocht dat it myn skuld wie"

17 des 2020 - 21:27

In soad âlden is "ongekend onrecht" oandien yn de bernetaslagge-affêre. De grûnbegjinsels fan de rjochtssteat binne skeind, sa konkludearret de parlemintêre kommisje dy't ûndersyk die nei de affêre oangeande berne-opfangtaslaggen. In soad âlden binne yn de problemen kommen, omdat se ûnterjochte as fraudeur behannele waarden en taslaggen werombetelje moasten.

Mariëlle Nijland en Anoeska de Vries, dupearden fan de bernetaslachaffêre - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Anoeska de Vries fan Garyp is ien fan de dupearden. Se seach de presintaasje fan it ûndersyk op telefyzje en wat dêr sein waard rekke har bot. "Ja, dy kaam binnen. As je hearre dat Wiebes, Asscher, Weekers en benammen ek Rutte ferantwurdlik binne foar it leed dat wy as dupearden lijd hawwe." Foar De Vries spilet it al sûnt 2014.

Der wie mear goed nijs foar Anoeska. Se krige tongersdeitemiddei in telefoantsje dat har saak rûn is en dat se har jild werom krijt. In enoarme ferromming. "Ik ha altyd tocht dat it myn skuld wie, dat ik it ferkeard dien hie." No wit se dat dat echt net sa west hat, mar hjirmei is it noch net klear foar De Vries. Se moat noch har ferhaal fertelle oan de kommisje 'Werkelijke Schade' foar in skeafergoeding. Se rekke har bedriuw en har baan kwyt en hat jierren yn earmoede libbe.

Ferantwurdlikheid

De Vries fynt dat de belutsen politisy harren ferantwurdlikheid nimme moatte. Se is noch altyd lilk en it docht noch altyd sear dat safolle minsken al dy jierren dit meimeitsje moasten.

It einrapport bernetaslagge-affêre is in ûndersyk nei de feiten. De kommisje lûkt sels gjin konklúzjes. De Keamer sil begjin takom jier in debat hjiroer hâlde.

Anoeska de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)