Bekeraventoer Cambuur einiget mei ferlies tsjin Go Ahead Eagles

17 des 2020 - 20:42

Sportklup Cambuur is tongersdeitejûn yn it eigen stadion útskeakele yn de KNVB beker. De Ljouwerters giene mei in flink oanpast basisalvetal ûnderút tsjin Go Ahead Eagles: 1-2.

Foto: Orange Pictures

Mei leafst njoggen oare spilers yn de basis sette Cambuur tongersdei útein tsjin de nûmer acht fan de earste difyzje. Nei wat mooglikheden oer en wer kaam nei in goed kertier de earste grutte kâns fan de wedstriid, doe't Erkan Eyibil Sonny Stevens ferraste mei in skot. De doelman koe de bal mar krekt út syn doel hâlde. Efkes letter krige Cambuur har earste grutte kâns doe't Jarchinio Antonia yn de counter rap foar de goal fan Jay Gorter kaam, mar syn skot gie krekt neist it doel.

Skoare en dûse

Nei in goed healoere waard Ragnar Oratmangoen - dy't net fit oan de wedstriid begûn - de romte ynstjoerd troch Michael Breij. De fleugelspits gie allinnich op it doel fan Gorter ôf en skeat hurd de 1-0 binnen. De doelpuntemakker waard efkes letter ferfongen troch Giovanni Korte. Dêrfoar noch waard it lykwols al wer lyk, doe't Luuk Brouwers alle romte krige om fan it sechtjinmetergebiet út te sjitten.

De Ljouwerters krigen noch in kâns om foar it skoft wer op foarsprong te kommen, mar dat skot fan Korte gie krekt foar it doel del. Cambuur tocht ek noch twa kear in penalty te krijen: sawol Alex Bangura as Breij waarden ûnderút helle, mar beide kearen fûn skiedsrjochter Ingmar Oostrom it net genôch foar in strafskop.

Op efterstân

Cambuur hie yn de twadde helte problemen om troch de Eagles-ferdigening te kommen. Dat slagge pas foar it earst nei in kertier, doe't Maulun de romte krige om te sjitten. Syn skot waard lykwols troch Gorter út it doel hâlden. Krekt doe't de Ljouwerters tochten dat se better yn de wedstriid kamen, kaam Go Ahead Eagles op foarsprong. Bradley van Hoeven skeat fan tichteby raak.

Slotoffinsyf

Mei Issa Kallon en David Sambissa yn de ploech waard noch besocht in slotoffinsyf yn te setten. Kallon kaam mei noch in pear minuten te gean flakby de lykmakker, mar syn hurde skot waard tsjinhâlden troch Gorter.

Yn de leafst seis minuten ekstra tiid wiene de Ljouwerters net sekuer genôch yn harren spul, en in lykmakker siet der net mear yn. It bekeraventoer fan Cambuur einiget sa dus yn de twadde ronde.

SC Cambuur - Go Ahead Eagles 1-2 (1-1). 29. Oratmangoen 1-0, 32. Brouwers 1-1, 63. Van Hoeven 1-2

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Bangura (79/Sambissa), Kramer, Nieuwpoort, Ter Heide (79/Kallon); Maulun, Hoedemakers (64/Jacobs), Breij; Oratmangoen (32/Korte), Pouwels (64/Paulissen), Antonia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)